Belgyske fammen drage mei kryst reade pumps!

Myn muoikesizzer yn Zottegem – yn de Flaamske Ardennen – draacht sûnt se Bollman & Bollman lêzen hat allinnich noch reade pumps. No ja… mei de Krystdagen teminsten.

Myn muoikesizzer yn Zottegem – yn de Flaamske Ardennen – draacht sûnt se Bollman & Bollman lêzen hat allinnich noch reade pumps. No ja… mei de Krystdagen teminsten.
Yn de reklame fan Scotch Tape is de B & B-pump ek al in bekend fenomeen. By 6 rollen plakbân krije jo de pump fergees. No de roman noch even oanskaffe… Skytskoarje der net te lang tsjinoan, want it boek rint as in trein!

Frâns Faber, de bekende cartoonist fan de Aldjiersbylage fan de Leeuwarder Courant, hat it berjocht oer de lêste Sutelaksje fan it Fryske Boek oppumpt mei in stel reade pumps, yn maat 43. De provinsjebrede pr-aksje is net in soad minsken ûntkommen.


Omrop Fryslân besteget op Sinterklaasjûn yn it programma Sneons wiidweidich oandacht oan it ûnderwerp travesty. Oan tafel skoot ûnder mear Jeanine út Grins, dy’t wurket by Stavoor yn Fryslân. Jeanine giet twa dagen yn ‘e wike as Jan nei it work, en twa dagen as Jeanine. Foar safier bekend is dat unyk yn Nederlân. Fierder skowe oan Anne, transgender út Grins, earder ynwenner fan Hearrenfean, Arnold Helmantel fan anty-diskriminaasje meldpunt Tûmba, en myn persoan. Sjoen it feit dat 1 oant 3 op de 100 manlju wrakselet mei travestygefoelens hat de redaksje fan Sneons besluten dat de tematyk wichtich genôch is om der oandacht oan te besteegjen. En wannear kin dat better as op de foarjûn fan de Hillige St. Nicolaas, de ferneamde biskop fan Mira, dy’t sels yn in ‘jurk’ omrûn? De útstjoering is rûnom yn de provinsje oankundige op posters, mei de tekst: Hee buorman, wêr ha jo dat jurkje kocht? De reade pump dy’t dizze simmer oeral yn Fryslân yn ’e greiden stie, is ek op dit affiche wer te sjen. Foar wa’t de útstjoering dochs ûntkomt: op de site fan Omrop Fryslân is er fia ‘útstjoering mist’ dochs noch te besjen. Sjoch nei de útstjoering (sko troch nei 12.34 min/sec)
Jeanine

‘Bollman & Bollman munt uit in een goede, sterk empathische behandeling van het thema travestie. Marga Claus heeft zich knap ingeleefd in hoe het is om te moeten leven met de onweerstaanbare drang je, terwijl je een heterosexuele man bent, te willen transformeren tot en te manifesteren als vrouw. Dat het zelfs in onze ‘permissive society’ als verschijnsel nog allerminst geaccepteerd wordt, blijkt vooral uit het navrante slot. Mij staat, als ik het thema ooit aandurf, een wat luchtiger, onbekommerder, humoristischer benadering van wat ik dan maar ‘vestimentaire ondernemingszin’ noem voor ogen, maar daar is men nu nog niet aan toe. Op weg daarheen is het boek van Marga Claus een fraaie Friese mijlpaal.’